De Poetyske Edda / druk 1

De Poetyske Edda / druk 1

    Mediumsoort
    Boek
    ISBN
    9789492457356
    Verschijningsdatum
    Jaar van uitgave
    2000
    Uitgever
    Het Nieuwe Kanaal
    Bestelnummer
    2020125681
    NUR code
    306

    Uitgeversinformatie

    ‘Lang is it ompaad nei kweafreons stee,
    ek al leit it yn ’e loop
    mar rjocht is it paad nei goefreons stee,
    ek al wennet dy fier fuort.’

    In devys út 'De wurden fan de Hege', in bûnte samling fan sosjale omgongsfoarmen, toverspreuken en wiisheidsstrofen, tematysk ferienige troch de beskiedende figuer fan Alfaar Odin.
    Nei 'De profesij fan de sjenneres' (Völuspá) is 'De wurden fan de Hege' (Hávamál) it bekendste gedicht út de Poëtyske of Alde Edda. Yn dy prachtige samling Noarsk-Yslânske mytologyske en heroyske poëzij komme goaden en helden ta libben. De moaie Freya, Odin mei syn iene each, de sterke Thor en de slûchslimme Loki rinne lykop mei Sigurd de Drakedeader, Helgi yn ferskate ynkarnaasjes, de tragyske Gudrun en de batske Atli (Attila de Hun).

    Foar it earst ferskynt dy grutte kultuerskat no yn it Frysk. Oerset troch Willem Schoorstra en ûnder tafersjoch fan dr. Simon Halink (Háskóli Íslands) is de Poëtyske Edda werskepen yn de âldste taal fan Noardwest Europa. In geniet foar leafhawwers fan rike taal en mytyske poëzij.